FRYSKE E-FAKTUER NO EK YN PEPPOL BESKIKBER

Update 3 april 2020 - Ús Fryske webside hawwe wy ôfrune woansdei 1 april lansearre. Dizze lansearring hawwe wy kobinearre mei de oankundiging fan de beskikberens fan de FRLCIUS yn PEPPOL. De oankundiging fan de FRLCIUS is lykwols in grapke, koartsein 1 april! Woerden, 1 april 2020 – eConnect hat as earste PEPPOL Service Provider de Fryslân Core Invoice Usage Specification (FRLCIUS) as faktuerstandert registrearre. Njonken de NLCIUS (foar Nederlânsk) is dizze ekstra Fryske spesifikaasje op de ferplichte Europeeske Norm (EN16931) no ek offisjeel beskikber foar elk organisaasje dy’t op PEPPOL registrearre is.

https://cdn.econnect.eu/media/foto-s/blogfoto-s/fryske-e-faktuer-no-ek-yn-peppol-beskikber-300x198.jpg econnect konsultant Arjen Looijenga is as oprjochte Frysk nau belutsen west by de ûntwikkeling fan dizze faktuerstandert. “It wie in dúdlik gat yn it product dat wy biede foar e-fakturaasje. Ik bin dan ek grutsk dat wy hjoed begjinne mei de FRLCIUS.” DE FRLCIUS stiet no op de list fan fêststeande modellen fan it Forum Standaardisatie.

Wat is de CIUS?

Wannear bedriuwen elektroanyske faktueren nei elkoar stjoere, moatte dy foldwaan oan bepaalde regeljouwing. Dit is útwurke yn de Europeeske Norm (EN16931) en is yn Nederlân fêstlein yn de NLCIUS, wat stiet foar de Nederlânske Core Invoice Usage Specification. De FRLCIUS is de ekstra spesifikaasje spesjaal foar Fryske organisaasjes.  Yn de FRLCIUS is beskreaun hokker Fryske punten der yn de elektroanyske rekken sitte moatte, wat it ferbân is tusken dizze saken en wat de betsjutting derfan is.

Wêrom in FRLCIUS?

“Wy hawwe yn Nederlân twa offisjele talen, mar der wie noch gjin Fryske e-faktuer, dat kloppe net mei ús belied: in automatyske administraasje foar elkenien”, seit Looijenga. Spesjaal dêrfoar hawwe wy ek in  Fryske webside ûntwikkele. Mei it fêstlizzen fan de FRLCIUS is derfoar soarge dat de Nederlânske oerheid (ek desintrale oerheden) en it bedriuwslibben (Simplerinvoicing, SETU, SALES, e.a.) de Fryske e-faktuer kinne ferstjoere en sûnder flaters kinne ûntfange en ferwurkje.

Hokker software stipet de Fryske e-faktuer?

Dizze nije standert foarmet gjin ekstra drompel. “Ek by de FRLCIUS jildt dat er in automatyske omsetting útfierd wurdt troch econnect sadat elk softwarepakket dizze standert lêze kin. “De software hoecht hjir net foar oanpast te wurden, want dit soart omsettings regelje wy altyd”, seit Marcel van Wensem.

Wa hawwe meiwurke oan de FRLCIUS?

econnect hat de FRLCIUS ûntwikkele mei Zijlstra & De Jong Accountants. “Wy hawwe hjoed de earste Fryske e-faktuer mei FRLCIUS krigen fan de bakkerij op 'e hoeke.”, seit Falk Zijlstra fan Zijlstra & De Jong Accountants. Safolle mooglik e-faktueren stjoere slút oan by de oprop fan earste minister Rutte ôfrune wike oan it MKB. Hy sei ta dat e-faktueren sa fluch mooglik betelle sille wurde.

Gepubliceerd:

31-3-2020, 22:00

Laatst gewijzigd:

30-5-2024, 13:54